Nijs fan Pleatslik Belang
Door Redactie op di 07 jul 2020 - 19:26Corona, alle dagen begjint it nijs dermei. En no ek dit stikje. It liket allegear wat nofliker te wurden gelokkich! Hooplik kinne wy goed op inoar passen bliuwe lykas wy de ôfrûne tiid mei ús allen dien ha.
De jiergearkomste fan Pleatslik Belang is fanwege corona ek net trochgien. Wy ha besletten om it kommend jier te hâlden.
Fansels wolle wy jo wol op ’e hichte bringe fan de gong fan saken.
De ôfrûne tiid ha wy ús dwaande hâlden mei ferskate saken.