Siette Vriesema ‘Surhúster om utens'
Door Redactie op di 18 feb 2025 - 19:48Namme: Siette Vriesema
Ik bin in soan fan: Wieger en Aafke Vriesema. Ik ha oan de Van Haersma-strjitte wenne by myn âlden en myn bruorren en suster Luts, Roel en Henk. Letter ferhuzen Wieger en Aafke nei in oar nij hûs njonken de bakkerij Wouda oan de Doarpstrjitte.
Hoe âld binne jo? Wat stelle jimme der spesjale fragen. Is dat sa belangryk? Nou ja, goed, ik fiel my noch altiten as in jonge man fan 76 jier âld.









