Krystdoarp Wipke Tabak no ek yn fideoreportaazje

It prachtiche krystdoarp fan Wipke en Jacqueline Tabak yn Surhuzum, hie al earder yn de Grutte Gelf stien mei in ‘interview’. Yn de lêste edysje waard it sels nochris útljochte. Sa’n moai selsboud krystdoarp, dy’t de hiele wenkeamer en in part fan de keuken yn beslach nimt, moast sjoen hawwe. Yn de fideoreportaazje fan RTV NOF wurd fertelt werom it ‘winterdoarp’, sa’t Wipke it yn dizze tiid neamt, noch oant healwei febrewaris stean bliuwt. 

Sjoch Wipke Tabak online tusken har unike doarp fan ynsnijde hûskes, streamende rivieren en minsken dy't fan in selsmakke snieberch, dy't oant it plafond ta rikt, ôfskye.

It artikel mei de namme: VIDEO: Winterdorp in Surhuizum: “It is skande om it ôf te brekken” is werom te finen op de webside fan RTV NOF.

https://www.rtvnof.nl/video-winterdorp-in-surhuizum-it-is-skande-om-it-o...

Niek Wassink