Wieke Oostra-de Vries 'Surhúster om utens'

FRAGEN OAN IN ÂLD SURHÚSTER
Namme: Wieke Oostra-de Vries
Bern fan: Pieter en Hendrikje de Vries
Dêr ha ik wenne:
Ik ha wenne mei myn heit en mem en sus Jellie op de Doarpsstrjitte 22 tusken de slachter Wobbe Bouma en textielwinkel Nauta. It hûs wêr’t Rint van der Meulen no wennet.
Hoe âld biste: Ik bin no 58 jier.
Bist fereale as troud?
Ik bin troud mei Taeke Oostra út Gerkeskleaster. We hawwe 2 bern, Wim en Hennie.
Wêr wennest do no:
Wy wenje no yn it moaie Boerum- city (Burum), wêr’t we in moai útsicht hawwe op de Grutte Earen!

Wat hat dy dêr brocht?
Toen we troud binne hawwe we twa jier yn Kollum wenne, mar we misten it doarpsgefoel wol in bytsje. In kollega fan Taeke hie syn hûs te keap yn Boerum. Sa binne we hjir te lâne kaam. En dêr hawwe we gjin spyt fan.
Wat dochst no?
Nei 12,5 jier gastouder west te hawwen, bin ik wat yn’e blomkes rûgele. Dat past moai by it wurk, túnûnderhâld, fan myn man. Foar de Kryst ha ik 4 jûnen workshops jûn, wat ek hiel slagge wie.
Wat meist graach dwaan (hobby)?
Ik mei graach wat knutselje. Ha yn dy 12,5 jier mei de bern hiel wat ôf knutsele. Fierder mei ik ek graach kaartsjes meitsje, dat doch ik faak mei myn sus. Foarhinne gongen we 2x yn’t jier mei ús beiden nei de karavan. Mar no we beide gjin karavan mear hawwe geane we no 1x yn’t jier mei ús beiden der op út om kaartsjes te meitsjen.

Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum?
Myn moaiste herinneringen oan Surhuzum binne tink ik wol de Spulwike en it reedriden op de feart. Wy hiene altiten in protte wille mei freondinnen en freonen.
Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum?
Hmmm, dêr wiene wol meardere plakjes, mar ien dêr fan wie wol it korfbalfjild efter de Lustenburg. Mei moai waar wurde dêr altiten ôfpraat om nei Strânhiem te gean. Mar we mochten dêr ek graach byelkoar sitte te kletsen. Mem sei faaks: ‘As dat fjild ris praatte koe...’.
Hast noch kontakt mei minsken (freonen as famylje) yn Surhuzum?
Yn Surhúzum kom ik net sa faak mear, mar wy komme mei ús seizen as freondinnen (Josephine van Dijk, Hennie Bosgraaf, Hetty Scheepsma, Jannie de Boer, Aafke Kinderman) noch altiten by elkoar mei de jierdjes. Fierder hawwe we in app groepke fan âlde buorfamkes, dat binne: Fokelien & Anneke Bouma, Jikke Stien Hoogsteen, Gerda de Vries, myn suster Jellie & ik. Wy besykje 1x yn’t jier mei syn allen út iten te gean. Dat is altiten beregesellich en dy jûnen binne fierstente koart.
Wat wolst fierder noch oan ús fertelle:
Ik mei graach nei de Surhúster Spulwike merke gean, tegearre mei Jellie. We treffe dan in soad bekenden en leeftiidsgenoaten. In reünie gelyk. We hoopje dêr noch faak te kommen.