De Delfeart giet wer iepen. Hiep hiep...
Door Redactie op di 19 okt 2021 - 19:31De Surhústers wolle harren hobby’s wer oppakke. De darters, de kaarters, de biljerters, de brommerriders en de wat âldere Surhústers dy’t elke wike mei Janet allegearre dingen dogge, se wolle wer los. Der sille grif ek wer famyljes wêze dy’t harren feest yn it Doarpshûs hâlde wolle. Dat kin as de groep net al te grut is. Yn oerlis kinne wy maatwurk leverje.
Der is in nije kassa kaam. Dêrmei kin der makliker besteld en ôfrekkene wurde. De blibliotheek en biljertseal, foarhinne musykseal, is hielendal opknapt. Der binne nije 1,5 m tafels makke. De Delfeart bliuwt yn beweging.