Foutmelding

Deprecated function: session_set_save_handler(): Providing individual callbacks instead of an object implementing SessionHandlerInterface is deprecated in drupal_session_initialize() (line 242 of /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/session.inc).

Nijs fan Pleatslik Belang

Bêste Surhústers,

Op freed 20 febrewaris organisearre Pleatslik Belang wer har jierlikse Doarpsjûn. Dizze kear wie toanielselskip Nij Begjin út Nyegea te gast yn doarpshûs De Delfeart. Wy sjogge werom op in slagge jûn mei in moaie opkomst kwa besikers en in moai toanielstik. Hjirûnder wat foto’s. Slagge it net om der by wêzen? Der wie noch plak oer. Hooplik oant takom jier. 

Namme foar de fytstunnel

Sa’t jimme witte meie jimme as ynwenners fan Surhuzum sels in namme betinke foar de nije fytstunnel by de Uterwei. We ha al in moai oantal nammen ynstjoerd krigen. Tank dêrfoar! 

Hawwe jo jo idee noch net ynstjoerd? Dat kin noch hieltyd. Stjoer jo foarstel nei pbsurhuzum@surhuzum.nl, mei fermelding fan jo namme én adres-gegevens.

Troch Pleatslik Belang wurdt der in jury gearstald dy’t alle ynstjoeringen beoardielet en in kar makket foar de definitive namme. Dêrnei meitsje wy de winnende namme bekend.

Ledegearkomste

Wêr’t jo wend binne dat de Pleatslik Belang ledegearkomste faak yn april/ maaie hâlden wurdt, sil er fan it jier wat mear rjochting de simmer ta ferskood wurde. De definitive datum en útnûging folget noch. 

Fakatuere

Wy binne noch altyd op syk nei nije bestjoersleden. In kear meidwaan mei in gearkomste of in fraach oer wat Pleatslik Belang no krekt ynhâldt? Stjoer gerêst in mailtsje nei pbsurhuzum@surhuzum.nl of nim telefoanysk kontakt op mei ien fan de bestjoersleden.

Freonlike groetnis, 
Pleatslik Belang Surhuzum