Spulwike Surhuzum bestiet 50 jier! Fiif fragen oan it bestjoer
Door Redactie op do 17 jul 2025 - 21:311. Beskôgje jimme it as bestjoer as in wichtige taak om de Spulwike te organisearjen?
Fansels moat dat altyd sa wêze! Wy slute de simmer ôf mei ûnder oare de Spulwike. In moaie wike om mei-inoar te organisearjen foar it hiele doarp!
2. Wêrom binne jimme belutsen by it bestjoer?
Wy hawwe ús allegear oansletten mei it doel om elk jier in moai doarpsfeest te organisearjen foar de Surhústers. It is wichtich dat soksawat troch elkenien trochset wurdt en bliuwt bestean. Wy hawwe op it stuit in frij ferskaat team.







