Eric Hofman ‘Surhúster om utens’

Myn namme is Eric Hofman. Ik bin berne yn Surhuzum op 16 maart 1971 as 5de soan fan Henk en Lummy Hofman.
We ha wenne op Lustenburg 27, de H. J. van der Veenstrjitte 1 en dernei yn it skoallehûs op Lustenburg 17.
Myn heit wie der skoalmaster fan 1967 oant 1990.
Myn mem wie fulltime mem mei 5 opgroeiende jonges dy’t altyd smarrige klean én altyd honger hiene!
Yn 1990 krige ik ferkearing mei Tietsia Brandsma út Gerkeskleaster. Nei de LTS/MTS yn Drachten krige ik yn 1993 wurk by Douwe Egberts op ‘e Jouwer. Wol in tastân om dêr (yn ploegentsjinst) te kommen want ik hie noch gjin rydbewiis! Tijdens de sollisitaasje waard my dan ek frege hoe’t ik fan plan wie dêr te kommen? “No ik ha in broer (Theun) dy’t my hjir hjoed brocht hat, noch in broer (Jelle) der’t ik in brommer fan liene kin en nóch in broer (Andrys) der ik troch de wike by ‘yn ’e kost’ kin op de Gordyk.”
“AANGENOMEN”
Yn 1995 binne we it hûs út gong en nei de Jouwer ferhûze.Tietsia krige wurk bij de Rabobank op de Gordyk en ik koe moai op it fytske nei de Tabaksfabryk fan D.E.. Yn 2000 binne we troud en we hawwe trije krease dochters krigen: Tessa (2001), Ilse (2005) en Lynke (2007).
Noch hieltiten bin ik dêr as “Monteur Besturingstechniek” oan’t wurk. En wenje wy noch mei folle plesier op ‘e Jouwer.
Myn moaiste oantinkens oan Surhuzum binne de legere skoalletiid (sels by myn eigen heit yn ’e klasse). It boartsjen as jonkje op ’e pleats by: Tjeerd Veenstra, Ette Frits Veenstra, Gerben Ids Rispens. Mar ek mei Alle Boersma, Woppy Beukema, Willem Posthumus, Eppie van der Veen en noch folle mear...
Harm (fan Klaas en Riekje) en Alex (fan Tjeerd en Jeltje) wiene en binne noch steeds myn maten.
De spulwike wie ek altyd in hichtepunt. Yn 1977 ha ik in 1e priis wûn troch it opsizzen fan it ferske: ”D’r wie ris in âld wyfke”, ferklaaid as cowboy!
De puber jierren (’84 oan’t no) wiene ek fijn. Ik tink dan bygelyks wér oan de spulwike. Op sneontejûn as Willem Piersma stoppe mei syn handel en wy de ferkeap trochsetten! Wat hawwe we wat kratten by Hielke en Nienke wei helle! It waard troch it bestjoer troch de fingers sjoen. As we mar álle bierfleskes + dopkes opsochten en álle stuoltsjes klear setten foar de tinte-tsjinst op de snein.
Ek ha’k altyd mei plesier kuorballe by DTS. Herinnerje my de spesjale ynstudeare trúk baltsjes fan Sietse Nauta.
In echt favoryt plakje ha ik net: fûn it wol machtich dat je de toer beklimme koene doe’t dy yn e steigers stie rûn 1984. (Wit net at Feike dit ek sa leuk fûn)
Ik kom noch wol ris by omke Klaas om in bakje kofje. Ryd ek sa noch wol ris troch it doarp as ik nei ien fan myn broers ta gean. Al mei al ha ik goeie oantinkens oan Surhuzum. Sjoch noch wol gauris nei: Surhuzum.nl, Fotohoek Surhuizum en fansels de digitale Grutte Gelf.
Hertlike groetnis,
Eric Hofman
Denkt u na het lezen van deze bijdrage: ‘Och, je zou die en die eens moeten vragen’, of iemand uit uw familiekring die ergens anders woont? Mail ons dan op redactie@gruttegelf.nl! Dan kunnen wij vragen of diegene mee wil werken aan onze rubriek.