In jubileumjier foar de Spulwike Surhuzum! 18 augustus o/m 24 augustus 2025

It is safier: de Spulwike Surhuzum fiert har 50-jierrich jubileum!

Al jierrenlang stiet dizze feestwike symboal foar spultsjes, mienskip en doarpswille. Yn 2025 sette wy dat ekstra yn it sintsje mei in edysje dy’t noch feestliker wurdt as oars.
Wy sjogge werom op in tradysje fol moaie oantinkens, en sjogge út nei in brûzjende wike fol aktiviteiten foar jong en âld. Mei-inoar meitsje wy fan dit jubileum in feest dat ús doarp noch lang ûnthâlde sil!

Hoewol wy it grutste part fan it programma noch efkes geheim hâlde, wolle wy no al graach jim omtinken freegje foar in pear spesjale aktiviteiten.

Wy begjinne mei de iennichste echte fersierde buert-tsjin-buert wedstriid!
Wat is de bedoeling? Kom mei dyn buert(feriening) byinoar en betink in tema. Tink oan in sprookjeswrâld, it wylde westen of in festival! Alles mei en kin, dus lit dyn kreativiteit de frije rin!

De moaiste buert wurdt beleanne mei in fantastyske priis - en fansels ivige rom!

Opjaan kin fia de mail nei spulwike-surhuzum@outlook.com ûnder fermelding fan jim buertnamme en it tema.

Dan geane wy fierder mei de tongersdeitejûn: de playbackshow!
Dizze kin fansels net ûntbrekke yn it jubileumjier en stiet dêrom wer op it programma.

Wy sjogge graach in jûnfol programma mei in soad leuke acts. Bisto entûsjast en kinst net wachtsje? Opjaan kin no al fia spulwike-surhuzum@outlook.com.
Ek foar de playbackshow jildt: dit jier binne der prachtige priizen te winnen!

Tot slot wolle wy jim oandacht freegje foar it saterdeimiddei programma. Der stiet in oldtimermiddei op ’e planning!

Hast in moaie oldtimer - auto, motor, brommer of trekker en wolst dy graach sjen litte oan it publyk? Meld dy dan oan fia de mail spulwike-surhuzum@outlook.com. Graach by de oanmelding fermelde hokker oldtimer ast mei bringst.

Dit wie it earst foar no! Wy sjogge mei in soad wille út nei jim oanmeldings!

Organisaasje Spulwike Surhuzum