In praatsje mei Sita Sijke Land-Dotinga
Door Redactie op di 09 jul 2019 - 19:15Sille wy dit yn ’t Nederlânsk opskriuwe of yn it Frysk, is eins altyd de begjinfraach oan de betreffende persoan. “Yn it Frysk fansels,” seit Sita, “want dêryn leit myn hert. Soks kin ek hast net oars, tinkt my, sa’t ik opbrocht bin mei in mem dy’t foar de FNP yn’e gemeenteried sit.” Dêr kin dan noch by opteld wurde dat pake Jan Dotinga in Frysk taalpurist is en in ferneamd dichter fan poëzij.