Wêr sil men de balkespringer aanst nochris hinne bringe?

By de yngongen fan Surhuzum wurdt sûnt koart mei grutte buorden dúdlik oanjûn dat fan’e earste novimber oant de tweintichste april gjin gewoan ferkear mooglik is fanwege grut ûnderhâld oan de trochgeande wei, de Doarpsstrjitte. 

Soks blykt needsaaklik te wêzen want it djiprioel dat der al langer as fjirtich jier ynleit  begjint kueren te krijen. Hiel wat Surhústers witte der fêst noch wol fan  hoe't ek doe it heale doarp oer de kop helle wie.  Dat der no wer in kear wat heve moast is al in skoftsje  bekind.

Al jierren stie de Doarpsstrjtte foar it op’e nij beklinkerjen by it Pleatslik Belang op ’e aginda.
Boppedat soe dan ek it nedige grien oanbrocht wurde.

Dat de start no wól hânsum syn beslach krigen hat is miskien wol te tankjen oan de foarútstribjende wurkwize fan ús splinternije wethâlder Jouke Spoelstra.
De jongste Gemeentewethâlder fan hiel Nederlân, nochwol.

Op syn kantoar yn Bûtenpost leit er omslachtich út dat it him by de oanfang fan syn funksje al gau opfallen wie dat by de wurken dy’t mei foarrang behannele wurde moasten, Surhuzum boppe-oan stie. It útfierjende apparaat fan amtners docht dan ferfolgens alles wat nedich is om in begjin mei it opknappen meitsje te kinnen.

Fantefoaren binne der dan al hiel wat mooglikheden en plannen besprutsen mei it Pleatslik Belang.Under lieding fan foarsitter Jacob Hooghiemstra, is in saneamde wurkgroep yn it libben roppen fan minsken dy’t der wol aardich doel oer ha en dy’t ek allegearre oan de Doarpsstjitte wenje.

Tagelyk mei it útskriuwen fan de oanbesteging wurde ek oare ynstânsjes ynseint, lykas de foarsjenning fan gas en wetter.
Dy kinne dan ferfolgens opdracht jaan om foarôf liedingen te ferfangen dy’t dochs oan ûnderhâld ta wienen.
Dêr is yndied wiidweidich gebrûk fan makke want rûnom binne dêrfoar no al nije buizen oanlein.
It eigentlike wurk is gunt oan de firma Witteveen fan Surhústerfean.

Utfierder Tjeerd Epema fan dit bedriuw, soarget der foar dat alles safolle mooglik neffens plan ferrint.
Materieel dat de oannimmer sels net foarhannen hat, hiert er yn.
Soms kin er net folle mei syn minsken begjinne as it dagen achterinoar reint, mar gewoanwei giet alles dat it slydjaget.

Krekt as fjirtich jier lyn wurde der, om by it buizestelsel komme te kinnen, gatten groeven der't in heal hûs hast yn wei wurdt.
Trochdat bronbemealling tapast wurdt, kin de djipte fan sa’n 2½ meter, droech helle wurde. Guon fan de buizen wurde ferfongen wylst yn in stel oare, mei stoom, in saneamde sok of hoas oanbrocht wurdt om alles wer yn model te krijen.
Wat nij is en tagelyk hiel goed foar it miljeu, is it oanbringen fan in ekstra lieding foar de opfang fan reinwetter, dat ferfolgens op ’e sleatten útkomt en dus net mear nei de rioelsuvering ta hoecht.

As nei wiken en moannen fan wrotten en wramen, alles syn beslach krigen hat, sjocht ús doarp der dan wer tip-top út. Mei moaie nije stiennen en dito stoepen? “Nee”, seit útfierder Tseard, “wy lizze de âlde klinkers der wer yn”.
It skynt sa te wêzen dat de besteande klinkers, mear as nije, de autentike útstrieling werjouwe en yn’e winter by froast stroever bliuwe. 
Fan de stoepen kin sein wurde dat de opritten dêrfan rôlstoelfreonlik oanlein wurde sille.
By de tagongen en by’t tsjerke komme blombakken wylst fanút ’t Noard de yngong sa oanlein wurdt dat hurd riden net tafalle sil.

As lêste noch even in greep nei de oanhef fan dit epistel.
Sûnt lang sil it byld fan de balkespringer nammentlik opnommen wurde yn it nije plan fan’e Doarpsstjitte. Leafst net al te fier by de tsjerke wei.

It plak dêr’t it op 26 novimber 1984 op ’e grienstrook foar “de Delfeart” troch Keimpe Veenstra, dy’t doe wethâlder wie, ûntbleate is, wie doe by de tagong nei it gymnastykgebou. Letter is de yngong nei de oare kant kaam.
De Gemeente stelde doe foar elk doarp in bedrach fan ƒ 25.000 beskikber om oan in keunstwurk te besteegjen.
Foar Surhuzum krige Frans Ram fan Hegebeintum de opdracht, mei Cornelis Egberts dy’t doe 14 jier wie, as ûnderwerp. Master Henk Hofman wie doe foarsitter fan it  Pleatslik Belang. Hy liet de bern fan'e kleuter en legere skoallen doe in tapaslik liet sjonge dat er sels makke hie. It giet sa.

Refrein: Knilles Egberts fan Surhuzum/huzum, dy sprong oer de balken hinne/hinne. Knilles Egberts fan Surhuzum/huzum, stiet no op it m o n u m i n t.
1.Yn in skier en fier ferline/line, is de tsjerke hjirre boud/boud/boud. Folle koene hâld dêr fine/fine, tsjerk’ en toer wie elk fertroud.
Refrein
2.Mar yn Spaanske oarlochstiden/tiden, waard de tsjerke doe in boufal/boufal. Dochs kaam hja wer yn'e stigers/stigers, “16 balken yn getal”.
Refrein
3.Knilles makke doe syn sprongen/sprongen, lokkich koe men him opheine/heine.Hjoed ha wy noch foar him songen/songen, en hjir ha wy it mei sein!

Us Pleatslik Belang hat tasein dat der, hoe dan ek, in moai plakje fûn wurde sil...
’t Soe foar de fytstoeristen  moai wêze dat it oanslute koe op it knooppuntensysteem.
Mei in bankje der by om wat te bekommen en in plaqette mei it opskrift: 

“Anno1617 Cornelis Egberts voorwaar
Heeft dese Kerck besprongen wanckelbaar
van die ene balck op die ander
So si noch lagen bi malkander
16 balcken in getal
Acht houts voet overal”

Harmen Scheepsma