Nijs fan Pleatslik Belang

Alderearst folget hjir in belangryk berjocht. De AED sil fan hjoed ôf oan net mear te finen wêze op it plak dêr 't jo it wend binne: oan de Bartemerwei by Hedzer van Kammen. De reden is dat de AED hjir konstant yn de sinne hinget en dat net befoarderlik is foar it libbensbehâld fan it apparaat. Ferskate Surhústers hawwe de hannen ynien sletten en der is gau in nij plak fûn. Fan hjoed ôf sil it AED apparaat te finen wêze oan de Doarpsstrjitte, tsjinoer de brievebus, by TM Verhuur ûnder de oerkapping/carport. 

Hedzer, Janny, Tiemen, Jetze, André en oare belutsenen; dankewol foar de meiwurking.

Doarpsjûn
It is alwer efkes lyn: de doarpsjûn. Earder dit jier fûn al de earste ledegearkomste nei 3 jier plak en no is it wer de beurt oan de doarpsjûn. De útnoeging fine jo nei "nijs fan Pleatslik Belang".

Glêsfezel
Lykas in soad fan jimme witte krijt Surhuzum glêsfezel omdat mear as 25% fan de kandidaten besletten hawwe om in oansluting te nimmen. In soad fan jimme skreaune jim yn fia de link fan Pleatslik Belang, tankewol dêrfoar. Pleatslik Belang ûntfong in bedrach fan € 50, - foar elke ynwenner dy 't him fia "ús link" ynskreau. It totaalbedrach soe dan bestege wurde kinne oan in goed doel binnen it doarp. Wy fûnen dat it jild bestege wurde moast oan in doel dêr 't elkenien yn Surhuzum wat oan ha soe. Dêrom ha wy besletten de sjek oan de Spulwike te skinken. It gie om in sjek fan € 2.050,-. De Spulwike hat in part fan it jild bestege oan de edysje fan dit jier en sil it oare part brûke om de 50e jubileum edysje mei te bekostigjen.

Op de foto Treja Boersma en Aafke Rijpma (PB) en de minsken fan Deltafiber.

Ôftredend bestjoerslid
Abdoul hat him jierrenlang ynset as bestjoerslid fan Pleatslik Belang, mar komt der spitigernôch net mear oan ta. Wy fûnen it in moaie tiid en wy fine it spitich dat Abdoul dermei ophâldt.

“Nei in pear hiele aardige, gesellige en ek bysûndere jierren by it Pleatslik Belang stopje ik mei myn wurksumheden. Fia dizze wei wol ik in elk betanke foar de gearwurking en de noflike tiid. Freonlike groetnis, Ab’’

NB. Heeft u moeite met het lezen van de berichten van Pleatslik Belang in het Fries? Kopieer dan de tekst die u wilt vertalen, ga naar https://frysker.nl/oersetter en plak de tekst in het vak.