Nijs fan Pleatslik Belang

Subsydzjes 
Pleatslik Belang is op dit stuit dwaande om te ynventarisearjen wat de mooglikheden binne oangeande subsydzjes. Sa binne der koartlyn twa ideeën yntsjinne by de provinsje fia it programma Stim fan Fryslân. Dit is in platfoarm bedoelt om Friezen mear belutsen wêze te litten by de provinsje. Op it online platfoarm Stim fan Fryslân hat Pleatslik Belang twa ideeën yntsjinne. It earste idee wat wy yntsjinne hawwe is in plakette mei in Fryske tekst oer de Balkespringer dy ’t yn oerlis mei de PKN tsjerke oan it stek fan de tsjerke hongen wurde sil.
Ferskate minsken sprutsen de winsk út om hjir in plakette te realisearjen. Dizze plakette wurdt sawiesa realisearre, mar wy hoopje dat fia dizze wei it grutste part fan de kosten dutsen wurdt.

It twadde idee hawwe wy wat breder lutsen. Wy fernimme dat in soad minsken muoite hawwe mei lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Wy as Pleatslik Belang fine it wichtich dat de Fryske taal yn stân bliuwt. Om dat te stimulearjen, wolle wy mei help fan provinsjaal jild Fryske taalkursussen oanbiede. Dizze taalkursus wurdt oanbean mits de subsydzje takend wurdt. Jo kinne op meardere ideeën stimme. Soene jo op ús ideeën stimme wolle? Dat kin fia https://stimfanfryslan.frl/budgets.

Plakette Balkespringer Surhuzum
Yn Surhuzum soenen wy graach in plakette realisearje wolle foar by de Balkespringer. Ferline jier kaam de Balkespringer Surhuzum einlik thús. It keunstwurk De Balkespringer yn Surhuzum waard doe ferpleatst. Wethâlder Max de Haan en de leden fan Pleatslik Belang Surhuzum hjitten op 24 maart 2021 De Balkespringer wolkom op syn nije plak, oan de Doarpsstrjitte foar de Antoniustsjerke, dêr ’t er yn 1617 de sprong weage.

In moaie tafoeging foar ús doarp Surhuzum soe in plakette wêze dêr 't op útlein wurdt wat it ferhaal efter dit stânbyld no eins is. Surhuzum is in plakje yn de Fryske Wâlden, wat mei har moaie kûlizelânskip in moaie omjouwing is foar fytsers en kuierders út oare dielen fan it lân. Sa komme der op moaie simmerdagen tal fan toeristen troch ús doarpke fytsen.

Foar it ferbetterjen fan it oansicht fan it doarp Surhuzum en foar minsken fan oare plakken dy ’t in besyk oan ús doarp bringe soene wy dêrom besykje wolle om in moaie plakette te realisearjen foar de Balkespringer. De plakette sil nei ferwachting net mear as € 500,- kostjen gean.

Understeande tekst soene wy op de plakette pleatse litte wolle. Fansels yn it Frysk, mar as it mooglik is ek yn it Nederlânsk, sadat de ferbining tusken Frysk en Nederlânsk mooglik makke wurde kin.

Knilles Eiberts Syn offisjele namme wie Cornelis Egberts Gayckema, alias Saphias. De âlden fan Knilles wiene Egbert Theunis en Neeltje Annes. De famylje Gayckema is meniste. As boer, ferfeansker of skipper fertsjinje se har brea. Se hearre ta de earste kolonisten fan it Gordykster fean.
Cornelis giet de skiednis yn as “ de balkenspringer ” fan Surhuzum. Nei ferwoasting troch brân ein tachtiger jierren yn de sechstjinde iuw (80 - jierrige oarloch yn de Spaanske oerhearsking fan 1568 -1648) begjint men mei de werbou fan de tsjerke yn it jier 1614. Yn 1617 is de put klear en yn datselde jier is Cornelis fjirtjin en kenlik in “ bluisterich jongfeint ”. Wy kenne him as de knaap dy 't oer sechstjin balken sprong yn ien loop: goed twa en in heale meter fan inoar ôf. Boppedat meters boppe de begeane grûn. Hy oerlibbet syn gefaarlike stunt want yn 1645 stjert er op 42 - jierrige leeftiid. By de tsjerke is er begroeven. De grêfstien fûnen se werom oan de súdkant fan de tsjerke. Cornelis wie fan berop beurtskipper op Dokkum. ~~~ A.G.IJ.

Frysker Fryslân
In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy ’t net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk

Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr ’t kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.

Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol ’t it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.

Doarpsfyzje
Goed 120 enkêtes waarden al ynfolle op de dei fan de gemeenteriedsferkiezingen. De resultaten fan de enkête geane wy brûke foar it opsetten fan in doarpsfyzje. De doarpsfyzje wol Pleatslik Belang brûke as middel rjochting gemeente, provinsje en oare organisaasjes by it oanfreegjen fan subsydzjes. Minsken dy ’t net yn de gelegenheid west hawwe om by de gemeenteriedsferkiezingen de enkête yn te foljen wolle wy dochs noch de kâns jaan om dat te dwaan troch online de fragelist yn te foljen.

Jo fine de fragelist op de webside surhuzum.nl. Wannear’t jo nei de link www.surhuzum.nl/vragenlijst geane, wurde jo rjochtstreeks nei de fragelist brocht. It ynfoljen is binnen 5 minuten klear. Dankewol alfêst!

Even foarstelle: Treja Boersma
Hoi, ik bin Treja Boersma en ik wenje tegearre mei myn freon op it Noard 16. Sûnt 2018 bin ik mem fan Marthe en ôfrûne 6 april noch in kear mem wurden fan ús Senna. Sûnt septimber 2021 bin ik mei in soad wille oanskood by Pleatslik Belang. Ik bin sels fan oarsprong gjin Surhúster, en dêrom fyn ik it hiel leuk om op dizze wize belutsen te wêzen by it doarp en wat betsjutte te kinnen foar de doarpsgenoaten. It ferskaat oan bestjoersleden, jong oant ‘âld’, makket it ek útdaagjend. Hjirtroch komme der ek ferskate fyzjes op tafel en ûntsteane der altyd aardige petearen en / of sûne diskusjes. Mochtst ek ris oanskowe wolle, bist fan herte wolkom! Groeten, Treja

Bestjoer Pleatslik Belang