Nijs fan Pleatslik Belang

Jiergearkomst
It is spitigernôch net mooglik/ferantwurde om in jiergearkomst te organisearjen. Fandêr dat wy besletten hawwe om it yn de Grutte Gelf te setten. 
Mocht it sa wêze dat jo noch fragen ha, dan kinne jo altyt kontakt mei ús sykje, de gegevens steane achteryn de Grutte Gelf. 

It hat foar Pleatslik Belang ek in frjemd jier west. Wy koene earst ús gearkomsten net troch gean litte, letter wol ris online en telefonysk besocht, mar sa at it mei in hiel soad dingen is, praat it fansels it noflikst at jo inoar yn ‘e eagen sjin kinne.

Dat betsjut fansels net dat wy neat dien hawwe! Wy ha in soad oan ’e gong west mei subsydzjes dy’t troch de gemeente ôfbout en guonts ek hielendal ôfskaft wurde sille. Dit hat fansels in soad ynfloed en dêrom binne wy mei de Federaasje (alle Pleatslike Belangen fan Achtkarspelen) dwaande om te sjin hoe wy dit alsnoch keare kinne.

Derneist besykje en stride wy ek foar mear wenningbou yn Surhuzum. Wy krije lûden fanút it doarp dat der te min hûzen beskikber binne en de jongerein it dêrtroch ek gau yn de omlizzende doarpen sykjen giet. Yn it kader hjir fan is fansels ek de wurkgroep wenjen yn it libben roppen, en mei sukses! Der binne al ferskate oanmeldings binnen kaam, tige tank derfoar!

En fansels ha wy it ôfrûne jier ek dwaande west mei de organisaasje fan it ferpleatsen fan de Balkespringer. Wy binne tige grutsk dat dit nei al dy jieren slagge is.

Ek besykje wy as bestjoer de ledenlijst te optimalisearjen troch by de doarren lâns te gean en de minsken dy’t noch net lid binne te freagjen. Dit is noch in hiele organisaasje, dus mochten jo dit lêze en noch gjin lid wêze, dan soe it geweldich wêze at jo sels efkes kontakt mei ús opnimme wolle. 

Finansjeel binne der net in soad útjeften west. Foar wa’t toch graach efkes it ien en oar ynsjin wol, dat kin fansels troch efkes kontakt op te nimmen mei ús ponghâlder: Gerrit de Jong. (kontaktgegevens achteryn de Grutte Gelf)

Rûchwei binne dit de de wat gruttere gelegenheden dêr’t wy drok mei dwaande west ha. Fansels binne der noch in hiel soad “lytsere” saken, dy no yn dit stik net needsaaklik binne om te neamen. 

Ik hie graach noch in jiergearkomst foarsitte wollen. Spitigernôch giet dat net mear slagjen. Myn tiid as earst notuliste en letter as foarsitster sit der alwer op. Ik ha it prachtich fûn, in soad minsken kinnen leart en ek sels in hiel soad leart yn in pear jier tiid. Ik sil it wol ris efkes misse, mar it is ek noflik om wat mear tiid te ha foar oare saken. At ik noch wat foar jo betsjutte kin, dan hear ik it graach.

Freonlike groetnis, Sita Land-Dotinga

Bedriuwichheid yn Surhuzum
Fersin jo net; d'r is mear bedriuwichheid yn Surhuizum dan jo tinke sille. Yn dizze Grutte Gelf wurdt spesjaal oandacht jûn foar de Kappersaak. Yn 'e eardere bakkerij oan ’e Doarpsstrjitte 30 hat Jeltsje Visser hjir koartlyn har eigen kapsalon iepene. Cora besocht Jeltsje út namme fan Pleatslik Belang mei in boeket blommen om har te wolkom te hjitten.

Foto boppe: Cora Groenhof op de foto mei Jeltsje Visser fan de Kappersaak.

Wurkgroep wenjen
Yn in eardere edysje fan 'e Grutte Gelf koene jo al lêze dat wy in wurkgroep wenjen foar Surhuzum opsette woenen. Binnen in wike hiene har al seis Surhústers oanmeld: Willem Boersma, Arnout de Haan, Binnie Rispens, Jan Rodenhuis, Henny van der Veen en Jelly Veenstra. Wy hawwe al in kear by elkoar sitten en wolle no graach in ynventarisearend gesprek hawwe mei de gemeente en de SWA oer de mooglikheden foar Surhuzum.

Gjin flagge op 5 maaie
Krekt nei acht oere op 4 maaie belle Albert Boersma, dy't al jierren de flagge moarns fan de tsjerketoer úthinget en jûns wer ynhellet. Doe't hy dit jûns op 4 maaie wer dwaan woe, kaam er foar in ferrassing te stean: de mast wie brutsen troch de hurde wyn. Dit wie in probleem fansels. Om't de flagge de oare deis wer hingje moast. It wie net mear mooglik om dit op sa’n koarte termyn te realisearjen. Der wurdt no wurke om dit op te lossen.

Ferljochting Uterwei
Nei oanleiding fan berjochten út it doarp hawwe wy de gemeente en de provinsje witte litten dat it hiel tsjuster wêze kin op it fytspaad by Koartwâld. Nei wy kontakt hân ha me de gemeente is der ynmiddels kontakt mei de provinsje hjir oer.

Ferhúzje?
As jo no plannen ha om (binnen) Surhuzum te ferhúzjen, soene jo dan sa freonlik wêze wolle om ús te ynformearjen oer jo adresferoaring? Dit is hoe't wy ús lidmaatskip-register aktueel hâlde. Alfêst tank!

Groetnis, Pleatslik Belang