Peaskebrunch

Op tongersdeitemoarn 14 april hiene wy in hiele moaie Peaskebrunch yn De Delfeart.
Wy binne moarns sa as altyd begûn mei in lekker bakje kofje of tee en wat lekkers der by, en nei it twadde bakje kamen de spultsjes wer op tafel of men wie oan it klaverjassen. 
Om healwei tolven wie it dizze kear tiid foar in buorreltsje of in glês fris.
Yntusken waard it iten klear set, twa soarten sop, broadsjes, salades en in rom ferskaat oan guod foar op ’e bôle.
Wy hawwe in prachtige brunch hân, it smakke elkenien tige bêst en wy kinne weromsjen op in goede slagge moarn.

Wolle jo ek ris komme, alle tongersdeitemoarns fanôf healwei tsienen binne jo tige wolkom yn ús doarpshûs De Delfeart.

Besjoch alle foto's yn 'e Grutte Gelf