Ofskied fan juf Tineke en juf Gryt
Krekt ôfstudearre yn 1979 oan de Kleuterkweek yn Ljouwert, sil it foar Tineke Haitsma út Holwert, tinkt se, noch in hiele toer wurde om geskikt wurk te finen. Safolle banen binne der ommers net foar hannen en binne dy der al, dan tilt it faak op fan de gadingmakkers.
Mar, sjoch dér! Yn Surhuzum wurdt oan de Kristlike kleuterskoalle in nije juf frege. Nei’t hja sollisitearre hat, kriget Tineke krekt as fiif oaren de gelegenheid om in proefles te jaan. It bestjoer fan de Surhúster kleuterskoalle hat dan al hiel wat wurk fersetten want der binne yndied in hiel soad brieven binnenkaam. “By it eigentlike sollisitaasjegesprek dêr’t ik neitiid foar oproppen waard hong der suver in spanning yn ’e loft”, wit Tineke noch,”want mei myn achttjin jier wie net allinne ik, mar ek it bestjoer fan de skoalle sok wurk net wend. Ik sprong dan ek hast in gat yn ’e loft doe’t by ús buorfrou it tillefoantsje kaam dat de baan foar my wie. Soks koe yn dy snuorje middels de buorren, want sels hiene wy noch gjin tillefoan. Wêr’t ik no noch op wachte, wie de geunstige eksamenútslach want dit spile him allegearre ôf yn maart. Ek fierder wie der noch wol wat mear te regeljen, want hoe, bygelyks, alle dagen te reizgjen fan Holwert nei Surhuzum? Dat wie mei de bus, in tocht sûnder ein. Mar gelokkich krige ik fan Jan Visser, myn freon út Moddergat, in auto. Wol spitich dat mem har finsterbank yn ’t paad stie, fuort de earste kear dat ik thús achterút it hiem opried”.
It bestjoer fan ’e beukerskoalle siet yn ’e tuskentiid ek net stil, want hja hiene slim har bêst dien om by de gemeente in hûs foar de nije juf te regeljen. Sadwaande wie Tineke har adres tenei al gau Bartemerwei 15. Hiel moai regele fansels, mar de skaadkant dêroan wie dat hja har jûns, nei de drokte fan de dei, hiel iensum fielde. Folle kunde hie hja hjir ommers noch net, wylst de tillevyzje en de tillefoan, lykas no, noch net algemien yn gebrûk wie. “Wat haw ik doedestiids in soad oan myn buorfrou Jeltsje Beukema hân”, seit Tineke,”safaak en safolle oft dy oandacht oan my bestege. Om noch altyd tankber foar te wêzen”.
Op skoalle hat soks noait in probleem west, want hja is al gau sa kompleet ynwurke dat hja alhiel opgiet yn har wurk. It gyng dus tige by tige mei de nije juf! Wat ek privee it gefal blykt te wêzen, want Jan en Tineke smite yn 1981 de lapen gear en trouwe. Ferhûzje koe mei hânkracht, want har nije adres skoot mar twa hûzen op nei nûmer 19. “Wy ha tegearre twa prachtige dochters “, fertelt de grutske mem, “Shanna en Jonna”. Elk yn ús doarp kin dizze beide fammen en kin witte hoefolle gelyk oft harren mem hat.
Sa giet de tiid al dy jierren syn ûnferwrikbere gong en kinne wy betinke dat de earste learlingen dy’t fan juf Tineke deistich de folle oandacht krigen, de fjirtigers fan no binne...
De start, om 1997 hinne, oan ’e Surhúster skoalle gong by juf Gryt yn dy sin oars dat de aparte beukerskoalle allang net mear bestie, mar sûnt 1987 rjochtstreeks diel útmakket fan it basisûnderwiis. Gryt Wijbenga is ôfkomstich fan Wetsens en is troud mei Klaas Wijma fan Bûtenpost. Maaike en Hille binne harren beide bern. Harren wenplak is It Noard 20. Fan skoalle ôf krige se deselde gedegen oplieding as har Surhúster kollega. “In super oplieding doar ik it wol te neamen”, seit Gryt, “want dêr diene wy fjouwer jier oer, om letter les te jaan te kinnen oan ús lytse beukers, dy’t wy mar twa jier yn ’e klas hawwe”. Gryt begûn as kleuterjuf yn Ie. Se wurdt Surhúster as hja yn 1985 trouwe en bliuwt thús oant nei de berte fan dochter Maaike en soan Hille.
As lytse Hille fjouwer jier âld is, komt fan Anne Dam, haad fan de JLS, mei de fraach oft hja sa út en troch ynfalle kin. Fanwege sykte fan kollegaas, of wat dan ek mar... In skoftsje letter kriget se har fêste oanstelling. Yn har lokaal sitte de bern dy’t al in skoft by juf Tineke west ha. De klik dy’t dy twa mei inoar ha, hat der fan it begjin ôf west.
Wat ek sa moai is, sizze se beide, is dat de lokalen dêr’t se yn wurkje, neist elkoar lizze. Tige noflik om mei inoar oerlizze te kinnen. Foaral simmerdeis, as de doarren nei bûten ta iepensteane, kin der maklik in praatsje makke wurde. Gjin praatsjes omdoch, witte hja allebeide hiel seker. By alles wat hja dogge, binne hja ommers yn it foarste plak ûnderwizer en stiet it belang fan elk yndividueel bern foarop. Dat is fan it earste belang en dêr steane hja ek boarch foar.
Dochter Maaike stapt yn ’e fuotleasten fan har mem . Hja docht itselde soarte fan wurk. Groeit op mei de hieltyd strakkere regels, dêr’t de âldere kollegaas wat in hekel oan begjinne te krijen.
Op it momint dat dizze Grutte Gelf it ljocht sjocht, hat it ôfskied fan ’e beide juffen al west. Elk hat persoanlik ôfskied nimme kinnen fan dizze fakfroulju dy’t har mei hert en siel ynset hawwe foar ús skoalle. No krije hja gelegenheid om safolle dingen te dwaan dêr’t oars gjin tiid foar te finen wie. Juf Gryt en juf Tineke, tige, tige tank foar jimme ynset, en foar de takomst it alderbêste tawinske!
Harmen Scheepsma
Besjoch hjir alle foto's makke troch Djoeke Postma-de Jong