Fetsje Veenstra ´Surhúster om utens´

Namme: Myn namme is Fetsje Veenstra, âldste dochter fan Wobbe en Hiltsje.

Wêr hast wenne: Opgroeid op it Súd 6, een rêstige fertroude buert, it iennichste lûd wat ik my noch goed yntinke kin is it beslaan fan de hynders by buorman Gerrit smid en de lekkere geuren kamen fan bakker Schregardus. Altyd wat te dwaan, blikspuit, hûskeboartsje yn ús stookhutte. Nei de húshâldskoalle nei de Inas yn Drachten en as kok yn'e keuken fan Lyndensteyn yn Beetstersweach wurke. 

Fereale as troud: Op myn 18e trout mei Arjen van der Veen út Droegeham. Yntusken binne wy 47 jier fierder.

Wer wennest no: Wy kamen yn Stynsgea te wenjen, dêr binne Hillie en Tsjibbe berne. Nei 5 jier makken wy de stap oer de grins nei Oldehove wegens Arjen syn wurk, ús húshâlding waard útwreide mei de komst fan Wobbe en Liesbeth. 4 jier letter: wy sakje fierder ôf nei it suden nei Etten yn de Achterhoek en hjirre wenje wy no rûm 38 jier.

Wat dochst no: Wy hawwe in akkerbouw bedriuw, wy ferbouwe û.o. tarwe, gerst, koalsied en himp. Arjen hat in funksje as karmaster fan ierappels by de NAK, ik haw sûnt 22 jier in blommen buorkerij winkel. Omdat ik yn 2013 in hersentumor hân ha doch ik no wat kalmer oan, noch 3 dagen iepen. 

Wat wolst fierder noch kwyt: Undertusken krigen wy 10 pake en beppesizzers yn ’e âldens fan 4 oant 22 jier.

Wat ik mis is it spontaan ris nei heit, broers en susters, jierdeis ensa, dêr is de ôfstand te fier foar mar dat bin dingen dêr tinkst net oer nei ast jong bist. Mar it Súd hâld in spesjaal plakje en mei nammen de âlde line beam. As dy ris prate koe..

 

Denkt u na het lezen van deze bijdrage: ‘Och, je zou die en die eens moeten vragen’, of iemand uit uw familiekring die ergens anders woont? Mail ons dan op redactie@gruttegelf.nl! Dan kunnen wij vragen of diegene mee wil werken aan onze rubriek.