De Delfeart giet wer iepen. Hiep hiep...

De Surhústers wolle harren hobby’s wer oppakke. De darters, de kaarters, de biljerters, de brommerriders en de wat âldere Surhústers dy’t elke wike mei Janet allegearre dingen dogge, se wolle wer los. Der sille grif ek wer famyljes wêze dy’t harren feest yn it Doarpshûs hâlde wolle. Dat kin as de groep net al te grut is. Yn oerlis kinne wy maatwurk leverje.

Der is in nije kassa kaam. Dêrmei kin der makliker besteld en ôfrekkene wurde. De blibliotheek en biljertseal, foarhinne musykseal, is hielendal opknapt. Der binne nije 1,5 m tafels makke. De Delfeart bliuwt yn beweging.

Corona hat aardich húshalden yn de boekhâlding. Wy hawwe as bestjoer in taast yn de reserves dwaan moatten. Dêrom hawwe wy de prizen in bytsje ferhege en oars ferdield oer de ferskate produkten.

Corona hat net allinne ynfloed op de jildsaken hân. Ek in protte frijwilligers hawwe oanjûn dat sy no oare dingen dogge as dwaan wolle en gjin tiid mear hawwe as frijwilliger by de Delfeart. Dat fine wy tige spitich, mar respektearje wy fansels ek. It betsjut wol dat wy no te min frijwilligers oerhâlde.

Dus bêste Surhústers, jong en wat âlder, wy kinne wol in oantal nije frijwilligers brûke!

Fine jimme it leuk om in oantal kearen per moanne as frijwilliger achter de bar te stean, gasthear as gastfrou te wêzen? Meld jimme dan oan by ien fan de bestjoersleden as fia info@delfeartsurhuizum.nl. Jimme kinne gratis in IVA (Instructie Verantwoord Alcoholschenken) training folgje.

Ek foar it skjinmeitsjen sykje wy nije minsken. Foar dit wurk wurdt in frijwilligers fergoeding betelle fan € 5,00 per oere (max € 1.700,00 per kalinderjier). Ek hjirfoar graach oanmelde by bestjoer as fia it neamde mailadres.

Sûnder de frijwilligers yn Surhuzum kin it Doarsphûs net draaije. Wolle jimme mear ynformaasje as hawwe jimme oare fragen. Wy heare it graach.

Bestjoer Stichting Dorpshuis Surhuizum