Yn oantinken Harmen Scheepsma

Mei dit stikje nimme wy ôfskied fan Harmen Scheepsma dy’t op 7 jannewaris yn de âldens fan 84 jier ferstoar. Fanôf de oprjochting fan ’e Grutte Gelf wie Harmen altyd aktief belusten by de redaksje en de fersprieding fan it doarpsblêd yn Surhuzum en omkriten. Doe’t Baukje Westerhof him út namme fan Pleatslik Belang yn 1988 frege om in sit yn ’e redaksje te nimmen fan in op te rjochtsjen doarpskrante hie hy der wol sin oan. 

Syn sit yn ’e redaksje fan ’e Grutte Gelf wie net it earste frijwilligerswurk dat Harmen by it ein hân hat. Syn earste stappen op dat paad sette hy yn ’e santiger jierren fan de foarige ieu yn ’e Kommisje fan Behear by de Pypketsjerke oer trije perioaden, meastal as foarsitter. Dêrneist is ek it wurk yn ’e boukommisje him net frjemd. En doe’t de Johannes Looijengaskoalle op 23 desimber 1971 iepene waard wie Harmen foarsitter fan it skoalbesjoer.

Fan it oarspronklike redaksjeteam dat yn april 1988 útein sette mei de Grutte Gelf wie Harmen as ienichste noch altyd aktyf belutsen by it doarpsblêd. Yn syn tiid as redaksjelid wie hy as kontaktpersoan, kopij-adres, ynterviewer-skriuwer, “adfertinsje-beregeler” en by it ferpatsjen fan de krantsjes fan it begjin ta ein belutsen by iderkear in nije Grutte Gelf. 

Foar al it wurk dat komt te sjen by it meitsjen fan in doarpsblêd waard de redaksje yn 1998 troch it bestjoer fan Pleatslik Belang yn ’t sintsje set. Mar mei it útkommen fan ’e Grutte Gelf op 2 maaie 2005, it doarpsblêd hie dan al 18 jier bestien, hie Harmen besluten dat der in ein kaam oan syn beuzichheden foar it doarpsblêd. Nei syn fuortgean út de redaksje bleau Harmen tegearre mei syn frou Tjitske trochgean mei it fersoargjen fan ’e fersprieding fan ’e Grutte Gelf.

As âld stikjeskriuwer fan ’e Grutte Gelf waard Harmen yn 2007 troch it bestjoer fan Pleatslik Belang foar syn wurk yn ’t sintsje set. Yn ’e Grutte Gelf skriuw hy hjir oer: “Doe ‘t ik dêr foarrich jier maaie mei stoppe ha myn GG kollegaas dêr ek al rom omtinken oan jûn. Al wurdt by soks soarte gelegenheden faak sein dat it sa mâl net hoechd hie, dochs wie ik dêr wol mei fergulde, likegoed as ik dat ek bin mei dit pronkstikje. It ha wrachtich in noflike tiid west, myn Grutte Gelf perioade, dêr’t ik wier noch wolris in bytsje ûnwennich fan bin, mar tiden hawwe no ienkear tiden.”

Mar it bloed krûpt wêr’t it net gean kin. En sa klom Harmen, op fersyk fan de redaksje, yn 2015 op ’e nij yn de pinne foar in rige ynterviews. Noch mar in pear moannen lyn ferskynde noch ien fan syn ferneamde ynterviews yn ’e Grutte Gelf. 

En sa koene wy yn ’e rin fan hast 33 jier fan ’e han fan Harmen lêze oer Surhústers dy’t ôfskied namen, in jubileum fierden of immen dy’t troch syn ynset foar it doarp of de mienskip troch Harmen yn it ljocht setten waard. Mar hy skriuw ek oer Surhúster saken dy’t him oan it hert leine lykas de tsjerke en it byld fan de balkespringer.

Ferline jier behaagde it de Kening om Harmen foar syn jierrenlange frijwilligerswurk foar de Grutte Gelf, de Johannes Looijengaskoalle en de Pypketsjerke in lintsje ta te kennen. Hjirmei trêde hy ta oant Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau, dêr’t hy al sa wiis mei wie.

Dat oan it ferhaal fan Harmen en de Grutte Gelf oan it begjin fan dit jier sa rap in ein komme soe hiene wy net betinke kind. Wy sille him tige misse.

Ut namme fan de redaksje,
Kornelis van Dekken