Selsredsum

As Jan en Aly Rodenhuis sa’n 35 jier lyn trouwe, wenje hja yn Warkum. Hy is dêr skoalmaster en sy meiwurkster by Sanquin, miskien better bekind as de bloedbank. Hja krigen twa bern; Afke en Jorrit. Mei nocht hat skoalmaster Jan 25 jier foar de klasse stien. Yntusken wie er lykwols yn syn frije tiid safier ynwurke yn’e politike belangen fan syn gemeente Nijefurd dat er dêr in oanstelling krige as wethâlder. Foar de PvdA, wol te ferstean. Sa út en troch barde it wol dat er oparbeide mei Gerben Gerbrandy, dy’t doe FNP-wethâlder wie fan buorgemeente Wymbrits. Dyselde Gerbrandy is letter ús boargemaster wurden. 

Aly hie yn al dy jierren al hiel wat literkes bloed ôftape fan minsken dy’t dat ôfsteane om oare minsken dêrmei te helpen. “It wurdt ornaris hiel gewoan fûn, dat as der yn it sikehûs nij bloed tatsjinne wurde moat, soks ek foarhannen is”, seit hja,”mar der moat fansels hiel wat heve foardat alles dêrfoar yn kannen en krûken is”. Hja is hyltyd meigroeid yn har wurk en krige sa aloan mear ferantwurdlikheid. Har promoasje hold ek yn dat hja yn Ljouwert oan’e slach moast. Mar dêr bleau it net by, want Aly Rodenhuis is no it haad fan Sanquin, regio Noard,mei as stânplak de stêd Grins. “Amersfoort,” fertelt se, “is foar my it fierste fan hûs mar mei de regelmaat fan de klok bin ik foar myn wurk ek yn Amsterdam te finen. Ferjit net dat der elk jier op’e nij 60.000 nije donors fûn wurde moatte. Dat frijwilligers ôfheakje kin hiel útien rinnende oarsaken ha, lykas sykte, leeftydsgrins, ensafuorthinne”. 

Har man hat tsjintwurdich syn wurk, fan trije dagen wyks, yn Ljouwert by Partoer dêr’t er as ‘consultant’ te boek stiet. Yn’e praktyk betsjut it, dat er by ferskillende partijen, dy’t elk har eigen belangen hawwe, de dialooch geande hâlde moat. Fakentiids is it dat er advisearjend en bemiddeljend hannelje moat. It giet him meastentiids sa hânsum ôf, dat er dêrom wolris ‘Jan de oaljeman’ neamd wurdt. Mei Surhuzum as útfalsbasis hawwe hja no beide likefier te reizgjen om op it wurk te kommen. It hat mei de reden west dat dit harren nije wenplak wurden is. Wichtich wie ek dat it nije hûs, dat hja diele mei dochter Afke dy’t mei har húshâlding de foarein fan’e pleats bewennet, alhiel nei eigen winsk ynrjochte wurde koe. Yn’e eardere smidte fan Gerlof Rijpma koe soks royaal. 

In metamorfoaze, is it wurden. Echt wier! Mar as Aly de frije hân krige om it yn- en eksterieur te betinken en nei har hân te setten, wie it Jan syn doel om op it mêd fan enerzjy, selsredsum te wêzen. Gjin oansluting fan gas oanlizze litte, bygelyks. Wol komme der sinnepanielen op it dak fan de skuorre dy’t er eigenhandich opboud hat. Sa’n 5000kwh smite dy yn it jier oan enerzjy op. Dat is al in moai begjin fansels, mar krekt net genôch foar de saneamde “nul op de meter”. In oar part komt fan ûnderen út. Njonken it hûs is nammentlik in buis 120 meter djip de grûn ynboarre. Dy hellet wetter mei in temperatuer fan 9°C nei boppe en bringt it mei help fan in waarmtepomp op 25°C. Needsaaklik foar de waarmte yn’e keuken, badkeamer en foar de flierferwaarming yn’e hûs.

It resultaat fan de selsbetochte ûndernimming  foldie sa almeugend goed dat er it oan’e grutte klok begong te hingjen. Sjoernalisten skreaunen grutte stikken yn harren krante. In ‘drone’ waard oplitten om in loftfoto te meitsjen. Iepen dagen waarden  organisearre, om jan en alleman sjen te litten, hoe’t it ek kin sûnder ús ierde út te rûpeljen en leech te sûchjen. Fan alle kanten hat it him wurden fan wurdearring oplevere. Want it is him dochs mar moai slagge om oan fêste kosten mei €30 yn’e moanne frij te kinnen. Rodenhuis fielt him der hiel noflik by en dat gefoel hat er ek krige as Surhúster bewenner. Hy  wol him ek wol yn sette foar it ien of oar yn belang fan it doarp. Sa koe it komme dat er no diel útmakket fan it bestjoer fan ús doarpshûs, de Delfeart. Kriget as sadanich, krekt as yn syn deistich wurk, te meitsjen mei bestjoerlike saken. Wa wit dat er ek hjiryn om syn saakkundigens ea  bestimpele wurde kin as ‘Jan de oaljeman’.

Harmen Scheepsma