Nijs fan Pleatslik Belang

2019 is al hast wer oan syn ein. Wy kinne wol sizze dat wy as Pleatslik Belang tige wiis binne dat wy no wer mei in foltallich bestjoer sitte meie. Wy hawwe it gefoel dat wy no wer foarút kinne en wer stappen meitsje kinne. 

Ien dêrfan is bygelyks it útsykjen nei subsydzje mooglikheden foar de Bistepôle. Sa as jo elk jier op de jiergearkomste fan Pleatslik Belang ynsjen kinne, binne dizze kosten net om ’e nocht. Mar wat hat Surhuzum in soad wille fan de Bistepôle. It is in plak wêr dochs in protte âlders, omkes, muoikes, pakes en beppes komme mei de (berns)bern. Wy binne no oan’t ûndersykjen as der in subsydzje foar te krijen is, as dat der bygelyks bedriuwen binne dy’t in bydrage leverje wolle. Mar wa wit kinne wy ek wol in berop dwaan op ús ynwenners, lykas by oare doarpen. 

Net te ferjitten, de Doarpsjûn wie tige slagge! It wie in folle bak. It stik fan Hymphamp Theater hat foar in soad wille soarge. Al mei al wie it in gesellige jûn en fine wy it moai dat it dochs slagge is om dit yn 2019 noch te realisearjen. Wy binne alwer drok dwaande mei de folgjende Doarpsjûn. Mear ynformaasje folget sa gau as mooglik.

De Boargemaster en Wethâlders binne op 29 oktober lêstlyn op besite west yn Surhuzum. It giet er by san besite foaral om dat wy oanjaan kinne wat der sa al yn it doarp spilet en om it kontakt mei de kolleezjeleden te ûnderhâlden. Wy ha oer ferskillende saken prate kint en wy ha in rûntsje troch it doarp makke. Wy binne derby fansels lâns de fernijde Doarpsstrjitte rûn en binne wy by Wiebina Top en Klaas Holthuis oan west om hun prachtige B&B ’t Strunerke te bewûnderjen. 

Wat de Uterwei oanbelanget is de provinsje Fryslân drok dwaande mei de tarieding fan de wurksumheden. Dêrfoar stelt de provinsje no in saneamd bestek op. Binnen dit bestek sil de fytstunnel tafoege wurde. Wannear’t de oannimmer bekend is sil der nei ferwachting 10 moanne oan rekkene wurde kwa “engineering”. Nei ferwachting sil de oannimmer dan ein 2020 begjin 2021 starte mei de wurksumheden.

By de measten sil wol bekend wêze dat Pleatslik Belang al in hiel skoft dwaande is om de Balkespringer te ferpleatsen, dan wol op te knappen. Dit is net samar klear. Op it stuit wachtsje wy noch op de gemeente oft it no noch mooglik is de Balkespringer nei de tsjerke te ferpleatsen en wat hjir dan de kosten fan binne. 

Om’t ús net altyd bekend is as der nije ynwenners binne dy’t graach lid wurde wolle fan Pleatslik Belang, wolle wy jimme by dizze freegje om in mailtsje te stjoeren nei pbsurhuizum@gmail.com.

Wy besykje jo fia de Grutte Gelf sa folle mooglik op ‘e hichte te hâlden fan wat der yn en om Surhuzum spilet. 

Wy winskje jim goeie krystdagen ta en in noflik 2020! 

Oant oar jier.

Groetnis, Pleatslik Belang