Lintsje útrikt oan Harmen Scheepsma

Lang om let wie it dan safier. Op it gemeentehûs yn Bûtenpost waarden freed 3 july de keninklike ûnderskiedings útrikt. Dit barde yn in seremoniële byienkomst  troch boargemaster Oebele Brouwer. Yn de gemeente Achtkarspelen krigen dit jier 6 minsken in lintsje. Ien fan de dekorearren is Harmen Scheepsma.

Trou oan de tradysje is der elk jier om Keningsdei in Lintsjesrein yn Nederlân. Fanwege de korona maatregels koe op 24 april de útrikking op it gemeentehûs net trochgean. Boargemaster Oebele Brouwer besleat doe om persoanlik by de dekorearren lâns te gean om it nijs te bringen. En sa waard Harmen Scheepsma op 24 april ferrast mei de meidieling dat hy troch Syn Majesteit de Kening oant Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau wie beneamd.

Boargemaster Brouwer fertelde dat er moarns om njoggen oere al op ‘n paad wie. Yn Surhústerfean moast er by trije minsken del, en sa kaam er lang om let yn Surhuzum te lâne. “Doe’t ik Scheepsma fanút harren foartún skille, seach er tafallich troch it rút en seach my yn har tún stean”, fertelde Brouwer. “Harmen en syn frou Tsjitske kamen gelyk nei de foardoar ta.” Der krige Harmen, op in passende ôfstân, blommen oerlange mei de belofte om alles noch in kear feestlik oer te dwaan.

En sa sieten wy dizze freedtemiddei, op in passende ôfstân, mei syn allen yn de riedseal fan de gemeente Achtkarspelen. Neidat wy ûntfongen waarden mei oranjekoeke en kofje of tee, hjitte de boargemaster de dekorearren en gasten fan herte wolkom. De boargemaster sei dat de frijwilligers dy’t oars nea yn’e skynwerpers steane hjoed huldige wurde foar har bûtengewoane ynset foar de maatskippij. “Frijwilligers steane midden yn’e mienskip. Hja hawwe in each foar elkoar en dogge mear foar in oar. Hja binne it semint fan de maatskippij”.

Foar dizze gelegenheid hie Arjan Hut, de Wâlddichter fan Achtkarspelen, in gedicht makke neamd “Minsken”, dy’t hy dizze middei sels foardroech. 

Minsken

Kom wat tichterby, minsken
en wês in freon myld as storein,
tear as snie
wês in freon, as hasto gjin namme
wês in ûnsichtbere hân dy’t helpt
in mûle dy’t betrouwen jout
tonge dy’t suver sûnder bewegen
seit, ‘de ierde draait’.
Kom tichterby, en wês in streamke
troch in gea dat út it sicht leit noch
wês de boarne dy’t de maitiid fuorret
wês it wetter
wetterfluch en wettersêd
dat om ús hinne
troch ús hinne
guorrelet, slacht en sjongt.
Kom tichterby en wês
yn de stilte it leven
yn de romte tusken minsk en minske
it longerjen.
Kom en draach in tekken
wês fan in tekken
de waarmte, it sêfte,
it stiksel tusken de lapen.
Kom los fan pronk en los fan klagen
krekt as de earms dy't drage
ek as net ien dat yn de gaten hat.
Minsken, kom wat tichterby.

Harmen fertsjinne syn lintsje, sa’t jimme earder yn’e Grutte Gelf lêze koene, mei syn jierrenlange frijwilligerswurk foar doarpsblêd Grutte Gelf, de Johannes Looijengaskoallen en de Pypketsjerke.

Om’t de boargemaster noch hieltyd 1,5 meter ôfstân yn acht nimme moast waard it lintsje, ûnder tasjend each fan har bern en pake- en beppesizzers, troch dochter Hetty by har heit opspjelde. Harmen ferteld dat hy der bliid mei is en tankber dat elkenien der by wêze koe. En dat hy dit net dwaan kinnen hie sûnder de stipe fan syn frou Tsjitske. 

De keninklike ûnderskieding bestiet njonken it lintsje út in spjeldsje foar deistich gebrûk en in oarkonde. 

Kornelis van Dekken