In wynturbine op de Surhúster toer?

Wy sjogge dat der steeds mear inisjativen komme dy’t rjochte binne op duorsumens, ek binnen Achtkarspelen. Wie it tiid foar sa’n inisjatyf yn Surhuzum? Wy fregen ús ôf oft dizze hjoeddeistige foarmen fan “griene” elektrisiteit wol echt sa geskikt binne. Dêrom besleaten wy om it oer in oare boech te goaien: in wynturbine op ’e Surhúster toer. Wy fernamen dat dit soarge foar de nedige ferrassing en sels mylde foarmen fan lilkens sawol binnen as bûten Surhuizum. Gelokkich wie de tiid fan it jier yn ús foardiel, sadat wy der noch in 1 april grap fan meitsje koene.

De eigneresse fan in bekend masjineferhierbedriuw yn Harkema lake fan herte en tocht dat de grap gjin oanlieding joech foar in “blokkearjende aksje”, mar besleat in heechwurker te sponsorjen, tank derfoar!

Rêst noch in boadskip. De oplossing foar ús miljeuprobleem is soms tichter dan jo tinke. Begjin mei josels troch in bytsje mear thús te wurkjen of yn ’e heine takomst it fleantúch ris in kear nét te nimmen.

Pleatslik Belang Surhuzum