De brommerfreonen út Surhuzum e.o.

Troch de coronamaatregels fan it regear komt de start fan it nije seizoen fan de brommerfreonen letter op gong dan oare jierren. “Normaal begjinne wy no wer te riden”, fertelt Janet van der Veer út Harkema. It begûn allegearre twa jier lyn, doe’t Janet en har man Folkert nei in ritsje op harren brommers, noch efkes oanstutsen by d’ Ade Boek yn Droegeham. “Dêr rekken wy oan ’e praat mei in pear mannen út Surhuzum. Dy wienen lid fan de brommerploech fan Gerkeskleaster, mar dêr moast it altyd sa hurd mooglik en sa fier mooglik. En dizze mannen woenen gewoan in eintsje ride en dan eefkes sitte mei in bakje kofje en appelgebak. Wy ha ôfpraat foar de tiisdeis dêrnei en doe ha wy foar it earst der op út west, mei acht man.”

Sûnt dy tiid meitsje de brommerfreonen, soms wol mei tritich man, fanút Surhuzum elke tiisdeitejûn in rûntsje op har brommer. As it teminste moai waar is, wat ryde yn de rein is neat oan. Wa mei wol, dy komt en wa gjin sin hat bliuwt thús. Ofmelde hoecht net, mar as immen te let is en efkes appt, wurdt der wachte. “De measten wenje yn Surhuzum. Om healwei sânen komme der in pear út oare plakken wei by ús oan yn ’e Warmoltsstrjitte en dan ride wy mei-inoar nei Surhuzum”, fertelt Janet.

De tochten geane bygelyks nei Eastermar, Beetstersweach as Visvliet en ûnderweis is der steefést kofje mei appeltaart. In kear waard sels oanstutsen by restaurant De Wâldwei ûnder Ljouwert. “Bist ek samar in ein fuort op ’e brommer, mar wy ride der noait tsjinoan. En it is gjin doel om sa fier mooglik te kommen, as ien ûnderweis in moai fûgeltsje sjocht, dan stopje wy ek samar eefkes.

De rûte wurdt faaks foarôf útset mei help fan ’e knooppuntroute. De foarste rider bepaalt it tempo en de rjochting. Hy hat ek in earke yn, lykas de efterste rider. Sa kinne hja bygelyks oerlizze as de groep brekt by it oerstekken fan in dyk. Dan kinne de foarsten eefkes wachtsje. It binne net fan dy healwize mannen”, seit Janet laitsjend.

De measte mannen komme út Surhuzum, mar der ride ek guon út De Tille, De Harkema, It Fean, Droegeham en Doezum mei. De brommerfreonen binne gjin klup as feriening, hja hawwe gjin foarsitter as ponghâlder en nimmen betellet kontribúsje. Der is gjin ledenadministraasje en der jilde gjin regels as foarskriften. Offisjeel bestiet de groep dus net. En dat wolle hja graach sa hâlde.

Dat hja no dochs keazen ha foar klupklean, is fanwege de feiligens. “Wy hienen de lêste kear hast in ûngelokje en doe ha wy sein dat wy foar de feilichheid mar opfallende hesjes ha moasten. Dan wit it oare ferkear ek fuort dat wy by mekoar hearre as groep”, leit Janet út. Doe’t de fraach kaam hokker namme der op de hesjes komme moast, frege immen: “Hoe hite wy eins!”. It antwurd wie: “We hite net.” En sa stiet der no koartwei op ’e hesjes te lêzen: “brommer vrienden surhuizum”.

Dus at jo meikoarten immen mei in giel hesje op in brommer riden sjogge, dan is it fest ien fan ’e brommerfreonen út Surhuzum. 

Foto: Janet van der Veer